Fytsedief oanholden

11 okt 2008 - 14:13

In Ljouwerter (55) is oanholden op fertinking fan heling of stellerij fan twa fytsen. In surveillearjende plysjeman seach de fytsen en ûntduts dat de slotten iepen wiene, mar dat de kaaien misten. In dúdlik teken dat de slotten mei lopers iepenmakke wiene.

De plysje hat doe wachte oant der ien by de fytsen kaam. De Ljouwerter kaam koart dêrnei om de fytsen mei te nimmen. Hy is oanhâlden en meinaam nei it buro. Dêr die bliken dat de fytsen as stellen registrearre stiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)