Ried Skarsterlân ferbjustere

11 okt 2008 - 13:56

De riedsleden fan Skarsterlân binne ferbjustere oer de opstelling fan de provinsje oer de weryndielingskwestje. De ried hat dêr sneontemoarn yn in besletten gearkomste oer praat.

Neffens Skarsterlân hat it kolleezje fan Deputearre Steaten al besletten mei hokker gemeenten der weryndield wurde moat, wylst Skarsterlân dêr sels noch oer prate moat. Boppedat soene Deputearre Steaten de gemeenten ûnder druk sette by it nimmen fan in beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)