Ten Hoeve nei Azerbeidzjan

11 okt 2008 - 13:34
  • Hindrik ten Hoeve

It Fryske Earste Keamerlid Hindrik ten Hoeve sil tafersjoch hâlde op de ferkiezings yn Azerbeidzjan. Dat lân leit oan de Kaspyske See en is in grutte oalje-eksporteur. It is net syn earste missy as waarnimmer.

Earder waard er ek al ynset by de ferkiezings yn Georgië. Hy moat der op tasjen dat de ferkiezings demokratysk ferrinne en dat der net fraudearre wurdt. It lân is lykwols in diktatuer en de minsken ha der mar kwalik wat te kiezen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)