Deade dwerchûle fûn yn Koudum

11 okt 2008 - 13:14

De lytste ûle fan Europa is yn Fryslân fûn; yn Koudum om krekt te wêzen. Spitich genôch is it fûgeltsje al dea. It is tsjin in rút oanflein. Neffens fûgelsaakkundige Johan de Jong is dizze dwerchûle yn Fryslân hjirfoar noch mar ien kear sjoen.

It gong doe om in libjend eksimplaar by Sumar yn 2002. Normaal binne se ûnder mear yn Skandinavië te finen, mar ek yn de Harz yn Dútslân. Se binne mar sa'n 50 gram swier en fan kop oant sturt 15 sintimeter grut.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)