Hert oanriden op A7

© Omrop Fryslân
In man (33) út Bakkefean hat freed in deim (damhert) oanriden. Hy ried op de A7 fan Drachten nei It Hearrenfean. By ôfslach De Haven kaam it bist de dyk op en hy koe net mear útwike. Troch de oanriding is it hert swier ferwûne rekke. It hie in brutsen poat en in ferwûning oan de kop.
De feedokter hat it bist ôfmakke. De bestelauto wie sa bot skansearre dat dy fuortsleept wurde moast. De plysje is op syk nei de eigner fan it hert. Mooglik is it bist ûntsnapt.