Nij kantoar Friesland Bank

bank iepent nij kantoar yn Ljouwert
De Friesland Bank docht gjin berop op de 20 miljard fan it kabinet foar banken en fersekeringsmaatskappijen. Wol hat de Friesland Bank lêst fan de kredytkrisis, mar der is noch gjin ekstra jildstipe nedich. Dat is freed sein by de iepening fan it nije regiokantoar yn it suden fan Ljouwert. Dat is boud om't yn it haadkantoar krapte is.
Minister Bos komt mei de stipe om no noch sûne banken út de problemen te hâlden.