Wurkstraf foar firtuele rôf

10 okt 2008 - 16:04
  • wurkstraf easke foar firtuele stellerij

It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert hat wurkstraffen easke tsjin twa jonkjes dy't mei geweld in oare jonge fan syn firtuele spelpunten berôve ha. De twa fertochten (14 en 15) berôven in jier lyn in jonkje (14) by it ynternetspul RuneScape.

Yn de saak stiet sintraal oft firtueel guod dat stellen wurdt, gelyk stiet oan stellerij. Mei de saak is Ljouwert de earste rjochtbank dy't sa'n gefal behannelt. Op 21 oktober is de útspraak yn dizze saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)