Korporaasje is klantfreonlik

© Omrop Fryslân
De wenningkorporaasje Noard-West Fryslân hat in priis wûn foar klantfreonlikens. Der diene 150 korporaasjes út hiel Nederlân mei. Se waarden beoardield op de ôfhanneling fan telefoantsjes, e-mails en fragen oan de baly. Der is benammen sjoen nei hoe flot en freonlik de fragen beantwurde waarden.
Ek is de webside beoardield op de mooglikheid om as klant yn te loggen en ynformaasje op te freegjen.