Hynsteman Piet de Boer stoarn

Piet de Boer (argyffoto)
Hynsteman Piet_de_Boer is tongersdei ferstoarn. Hy is 79 jier wurden. De Boer hat jierren ynstrukteur west fan de eardere Praktykskoalle yn Oentsjerk. Hy wie benammen in grut leafhawwer fan it Frysk hynder, dêr't er in soad reklame foar makke.
Hy is bekend wurden troch syn prestaasje as menner mei in hiel soad hynders foar de koets. Hy fêstige it wrâldrekord yn 1995 by de ballonfeesten op 'e Jouwer. Dat wie mei 40 hynders foar de koets.