Westergosône hat stipe nedich

deputearre Galema
De Westergosône krijt oant 2014 jierliks ien miljoen euro. Dy stipe is nedich om de ekonomyske ûntwikkeling yn it gebiet tusken Harns en Ljouwert oan te jagen. Dat seit Geert Boesjes, haad fan projektburo Westergosône.
Boesjes reagearret op útspraken fan de betinker fan de ekonomykse kernsônes yn Fryslân, Gerard van Klaveren. Dy fynt dat de sônes genôch jild krigen ha en dat de subsydzjes no ferdield wurde moatte ûnder oare inisjativen yn de provinsje.