MCL pakt obesitas earder oan

sintrum helpt minsken mei obesitas
De wachtlist foar in operaasje yn it behannelsintrum foar oergewicht yn Ljouwert is flink koarter wurden. Oant foar koart wie de wachtlist in pear moannen, no is dy noch mar in pear wiken. Dat komt om't der in nije sjirurch oanlutsen is.
Yn it sintrum wurde minsken opereard dy't fierstente swier binne. Dêrtroch kinne sy flink ôffalle. It sintrum is ferbûn oan it MCL.