Plysje fynt yllegaal fjoerwurk

10 okt 2008 - 10:07

De plysje hat tongersdei by in bedriuw yn Haulerwyk in partij yllegaal fjoerwurk yn beslach naam. De plysje kaam it fjoerwurk op it spoar nei in tip. De eigner (52) is oppakt.

Ek yn Donkerbroek waard yllegaal fjoerwurk yn beslach naam. Dêr kaam de plysje it fjoerwurk op it spoar, nei in tip dat de eigner mei in fjoerwapen sketten hie. Dat fjoerwapen waard by in kontrôle net fûn, wol de partij fjoerwurk. De eigner krige in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)