Friezen mear lammefleis ite

© Omrop Fryslân
Friezen moatte oan it lammefleis. Dat is it doel fan slachter Wout_Verbree fan Easterwâlde. Hy wol mei de bedriuwen Krikke en Frisian fan Grou in slachterij opsette foar lammen. Nederlanners moatte sa mear lammefleis út eigen lân iten.
Dêrneist moat de Nederlânske eksport fan libjende lamkes mei in eigen slachterij fermindere wurde. No wurdt it grutste part fan de slachtlammen oan it bûtenlân ferkocht.