Famylje omkommen piloat fûn

De syktocht nei de famylje fan in omkommen oarlochspiloat hat fertuten dien. Frou Bosma fan Feanwâlden fersoarget oarlochsgrêven yn Damwâld. Se frege it Fersetsmuseum om help by it finen fan famylje fan Robinson. In meiwurker fan it museum prate mei in krante yn Ingelân en dy skreau deroer. De 93-jierrige suster fan Frank Norman Robinson melde har woansdei.
It fleantúch waard yn 1943 delsketten. Yn it museum is no in útstalling oer de loftoarloch boppe Fryslân.