'Gjin sâltwinning op lân'

© Omrop Fryslân
De provinsje en fjouwer Fryske gemeenten wolle gjin nije sâltwinning op it lân fan Noardwest-Fryslân. Dat hawwe se tongersdei by in oerlis oan it ministearje fan Ekonomyske Saken witten litten.
Frisia Sâlt hie twa nije fergunnings foar sâltwinning yn 'e Waadsee en it gebiet op it lân oanfrege. De gemeente en de provinsje wolle gjin winning op it lân mear. Ynwenners binne ûngerêst oer grûndelgong. It ministearje beslút of de lânwinning fan sâlt trochgiet.