Nijlânstate wer as nij

09 okt 2008 - 15:57

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hat tongersdeitemiddei de nijbou fan Nijlânstate iepene. Neffens de direksje is de serviceflat hielendal klear foar de takomst. Sa is der in romte foar fitness en fysioterapy bykaam. En ek binne der in oplaadstasjon en in garaazje boud foar skooters en foar de elektryske fytsen.

De nijbou hat mei-inoar in jier duorre. Yn Nijlânstate wenje sawat hûndert senioaren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)