Minder huzen ferkocht

© Omrop Fryslân
De kredytkrisis hat ek gefolgen foar de huzeferkeap yn Fryslân. Neffens de NVM Fryslân binne minsken der minder happich op te ferkeapjen. Fanwege de ûnwisse finansjele situaasje riskearje se it net om mei twa huzen te sitten.
De huzeferkeap is yn Fryslân noch wol stabyl. Yn it noarden lûkt er oan, yn it suden nimt er ôf. NVM-foarsitter Sinnige ferwachtet dat de huzepriis stabyl oant licht sakjend wêze sil. Lanlik sjoen is de trochsneedpriis foar it earst yn achttjin jier sakke.