Diet Huber ferstoarn

09 okt 2008 - 13:28

De Fryske berneboekeskriuwster Diet Huber (84) is tiisdei ferstoarn. Huber debutearre yn 1953 mei de bondel Tutte mei de linten dy´t ferneamd waard. In pear jier letter krige se ek súkses mei Nederlânsktalige berneliteratuer. Sa die se in skoft de berneside fan Het Parool. In protte gedichten dy´t se foar dy krante skreau, waarden letter útjûn yn bondels.

Diet_Huber mocht altyd graach bern mei taal oan it wurk sette. Se gie mei in poëzijprogram by skoallen del.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)