'Dúdlikens oer finansiering'

09 okt 2008 - 12:09

De provinsje moat dúdliker wêze oer de finansiering fan takomstplannen. Dat fynt in grutte mearderheid fan 'e Steaten. Yn 'e begrutting stean plannen foar de takomst dêr't no noch gjin dekking foar is. It giet dan bygelyks om de oanlis fan wegen.

De FNP en de VVD fine dat de provinsje ek hoeden omgean moat mei it Nuonjild. De oandielen yn dat bedriuw stean parkeard by de Fortisbank. Troch dy konstruksje kin de provinsje ekstra jild útjaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)