IIsbaan by Aldehou

09 okt 2008 - 10:27

Op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert komt fan begjin desimber ôf seis wike lang in iisbaan te lizzen. De baan is ûnderdiel fan it Winterfeest Ljouwert. Hoe't dat feest der krekt út komt te sjen is noch ûnbekend. Basisskoallen krije yn alle gefallen in spesjaal Alvestêdetochtprogramma.

It Ald en Nij-spektakel giet dit jier ek troch. Ferline jier slagge dat net, omdat de plysje net genôch minsken ynsette koe. Der binne no goede ôfspraken makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)