Rydbewizen ynnaam

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdeitenacht by Koarnjum it rydbewiis ynnaam fan twa automobilisten. Dy rieden fierste hurd op de Breedyk by it doarp. In ynwenner fan Harns hie 160 kilometer op 'e teller te stean. Dat is twa kear sa hurd as der riden wurde mei.
In ynwenner fan Hyum waard trapearre mei 136 kilometer op 'e teller. Neist dat har rydbewiis ynnaam waard, krigen de twa ek in prosesferbaal.