Winkellju sette rjochter yn

© Omrop Fryslân
It is noch net wis oft de freedsmerk fan Ljouwert de kommende trije jier wol op de Nijstêd komt. De winkellju fan de Nijstêd skeakelje de rjochter yn om dit foar te kommen.
De merkkeaplju moatte nei in oar plak omdat it Saailân oer de kop giet fanwege de bou fan it nije Fries Museum. De ûndernimmersferiening De Nijstêd wol dat de merk nei it Aldehoustertsjerkhôf giet omdat se bang binne foar omsetferlies mei de kreamen foar de doar.