Miljoen foar boartersplakken

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert lûkt ien miljoen euro út foar it opknappen fan de boartersplakken yn de stêd. De ynvestearing is nedich omt guon boartersplakken bot fertutearze binne.
Yn de ôfrûne tiid binne in grut tal boarterstastellen fuorthelle en it kostet in soad jild om dy te ferfangen. De ferwaarlearzing fan de boartersplakken komt trochdat de tastellen net goed ûnderhâlden waarden.