Kaarten H'fean op ynternet

Kaarten no al oanbean
Foar de thúswedstriid fan Hearrenfean tsjin AC Milan op 23 oktober wurde no al kaarten oanbean. En dat wylst de kaartferkeap noch net iens begûn is. De kaarten wurde oanbean op ynternet. Neffens direkteur Yme Kuiper fan It Fean nimme minsken dy't dêr in kaart bestelle grutte risiko's.
Kuiper ferwachtet dat alle kaarten ferkocht wurde oan seizoenkaarthâlders en clubkaarthâlders en dat der dêrom gjin kaarten mear yn de frije ferkeap komme.