Boetes by snelheidskontrôles

08 okt 2008 - 10:33

De plysje hat tiisdei op ferskillende plakken yn de provinsje wer snelheidskontrôles hâlden fanwege klachten. Op de Jousterdyk yn Aldehaske waarden goed 750 auto's kontrolearre, in tredde part ried hurder as de 60 kilometer dy't dêr tastien is. Der wiene útsjitters fan boppe de 110 kilometer by.

Op de Marwei yn Dolsterhuzen rieden goed 130 minsken hurder as de 50 dy't dêr mei, ek dêr klokte de plysje in pear kear 110 kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)