Twa bonnen foar dwerse jonge

© Omrop Fryslân
In 17-jierrige jonge út Easterwâlde hat tiisdei twa bonnen krigen, ien foar it fytsen sûnder ljocht en ien omdat er gjin papieren by him hie. De plysje hold him oan om't er gjin ljocht op 'e fyts hie. De jonge liet dúdlik blike dat er neat mei de plysje te krijen ha woe en soe trochfytse. De plysje twong him doe om ôf te stappen.
De jonge woe doe noch altyd net prate. Hy koe ek gjin identiteitspapieren sjen litte. Hy moast mei nei it buro dêr't syn heit him ophelle hat.