Opknapbeurt Lionitasbaan

© Omrop Fryslân
De atletykbaan fan Lionitas yn Ljouwert wurdt earder opknapt. De baan is der sa min oan ta dat er ôfkard is foar offisjele wedstriden. De renovaasje fan de baan stie pland foar 2011 en kostet sa'n 450.000 euro.
De renovaasje sil no takom jier útfierd wurde. Dêrneist ûndersiket de gemeente oft Lionitas ferhúzje kin nei it nije sportkompleks dat oanlein wurde moat by de Súdlannen. Dêr soe dan in nije 400 meter atletykbaan oanlein wurde kinne.