Brângefaar yn soad hierwenten

07 okt 2008 - 22:16

De wenningboukorporaasjes yn Fryslân moatte sa gau as mooglik los mei in mienskiplik ûndersyk nei de brânfeiligens fan de Fryske hierwenten.

Nei de brân yn Zaandam dit wykein wêrby yn ien kear tsien wenten ferlern giene, ûndersiket korporaasje Welkom de eigen 10.000 wenten, mar fynt dat der ek in provinsjaal plan foar alle Fryske hierwenten nedich is. De brân hat foar grutte ûnrêst soarge, omdat it selde brângefaar jildt foar folle mear wenten fan foar de jierren '80.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)