CV-lieding knapt; frou ferwûne

07 okt 2008 - 16:28

In bewenster fan serviceflat Servotel yn Drachten is tiisdeitemiddei slim ferbaarnd oan de fuotten neidat de cv-lieding yn har wenning knapt is.

It ûngelok waard ûntdutsen doe't it wetter op de ferdjippingen ûnder har flat nei ûnderen lekte. Doe't meiwurkers op syk giene nei wêr't it wetter weikaam, fûnen se de bewenster mei de fuotten yn it kôkjend hite wetter. Se hie in knipperke dien en wie wekker wurden fan it hite wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)