De Ringh nimt STAM-klanten oan

07 okt 2008 - 14:02
  • Broer de Ringh
  • Ien fan ´e nije kringloopmeiwurkers

Reyntegraasjeburo Stam fan It_Hearrenfean pleatst 15 kliïnten by de trije kringloopwinkels fan ûndernimmer Broer_de_Ringh. In kontrakt dêrfoar wurdt dizze wike ûndertekene. By Stam sitte minsken dy´t al in skoft net wurke ha of fanwege sykte thússitte.

Der wurkje by de kringloop yn Boalsert al ferskate kliïnten fan Stam en yn Drachten en op De_Lemmer wurdt dat no útwreide. It hat bliken dien dat it wurk yn in kringloopwinkel oanslút op wat de kliïnten fan Stam graach wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)