'Untuchtpleger folgje mei GPS'

© Omrop Fryslân
De man (24) fan It Hearrenfean dy't der fan fertocht wurdt ûntucht pleegd te hawwen mei minderjierrige famkes soe elektroanysk folge wurde moatte mei help fan GPS. Dat fine it Iepenbier Ministearje en Reclassering Friesland. Dêrneist is tongersdei twa jier finzenis tsjin de man easke.
Neffens saakkundigen hat de fertochte in asosjale persoanlikheidsstoarnis en in ûnferwurke misbrûkferline. De kâns op in nije ûntspoaring is dêrom grut. By nije delikten sil TBS easke wurde.