Hearrenfean thús tsjin Milan

07 okt 2008 - 12:33

Sportclub_Hearrenfean treft yn de groepsfaze fan it UEFA Cup toernoai de Italjaanske topclub AC_Milan. Dat is it resultaat fan de lotting dy´t tiisdei yn it Switserske Nyon wie. De oare tsjinstanners binne Sporting Braga út Portugal, Portsmouth út Ingelân en as lêste de Dútske club Wolfsburg.

Hearrenfean begjint de groepsfaze mei in thúswedstriid tsjin AC Milan op tongersdei 23 oktober, op 6 novimber folget Wolfsburg út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)