Frou (66) stjert nei oanriding

In 66-jierrige frou út Burgum is moandei yn har wenplak slim ferwûne rekke by in oanriding en letter ferstoarn. De frou sloech op har fyts linksôf, mar waard op dat stuit ynhelle troch in 81-jierrige autobestjoerster.
Troch de klap fan de botsing kaam de fytster in pear meter fierderop op it midden fan ´e dyk telâne. It slachtoffer is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht en dêr letter op ´e dei ferstoarn.