A32 foar krysttyd opknapt

Noch foar de Krysttiid wurdt it minne stik sneldyk by Wolvegea opknapt. Dat is it stribjen fan Rykswettersteat. Ien rydbaan fan de A32 tusken de provinsjegrins en Teridzert is al sûnt heal augustus ôfsletten omdat der tefolle spoarfoaming yn de dyk sit.
Dat komt trochdat de fundearring ûnder de dyk fuortsakke is. Oer 10 kilometer moat it ferkear no stadiger ride. Foar Rykswettersteat reden om alles op alles te setten om de dyk noch foar de kryst klear te krijen.