It Woudagemaal mealt troch

It Woudagemaal by Teakesyl
It Woudagemaal by De Lemmer draait yn elts gefal oant tiisdei noch op folle krêft troch. It reinwetter fan snein soarget noch altyd foar in soad problemen. Troch swiere buien stie it wetter op guon plakken 90 sentimeter heger as oars.
De ferskate gemalen yn Fryslân binne op it stuit dwaande it wetter fuort te pompen. Neist it Woudagemaal binne dat ûnder oare de gemalen fan Roptasyl en by Swarte Haan. Ek stean der njoggen needpompen te draaien.