Bonne-Hos noch ien kear iepen

06 okt 2008 - 12:43
  • It âlde Bonifatius Hospitaal yn Ljouwert

De súdfleugel fan it Ljouwerter Bonifatius Hospitaal is no freed foar de âlderlêste kear te besjen foar publyk. It gebou wurdt sloopt om plak te meitsjen foar nijbou.

Omdat it gebou in grutte sentimintele wearde hat foar in soad Ljouwerters stelt projektûntwikkelder Slokker Vastgoed it gebou foar de sloop noch ien kear iepen foar besichtiging. De nije wenten op it Bonifatiusterrein wurde boud yn deselde jierren ´30-styl as it âlde sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)