2.000 man op iepen-huzen-dei

© Omrop Fryslân
Op de iepen-huzen-dei yn Fryslân binne ôfrûne sneon in lytse twatûzen minsken ôfkaam. Dat seit Koos_Sinnige, foarsitter fan ´e NVM-makelders yn Fryslân. Oan de iepen-huzen-dei diene tachtich Fryske makelders mei.
Trochinoar hiene sy tsien huzen yn in spesjale krante set. Op guon wenten kamen wol tsien minsken ôf, op oaren net ien. Al mei al fynt Sinnige dat de iepen-huzen-dei aardich slagge is.