Problemen troch stroomsteuring

06 okt 2008 - 10:13
  • It MCL hie problemen troch de steuring

De stroomsteuring yn Ljouwert hat foar problemen soarge yn sikehûs MCL. Tûzen hûshâldens yn de wyk Huzum ha moandei fan 7 oere ôf sûnder stroom sitten. By it sikehûs liede de steuring ta in dip yn de enerzjyfoarsjenning.

Dêrtroch gie it MCL oer op de needstroom, mar dy stûke en moast mei de hân oanset wurde. De operaasjekeamers koene allinnich foar de meast akute gefallen brûkt wurde. De problemen hawwe net foar libbensbedriigjende situaasjes soarge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)