Drugsautorider oanhâlden

06 okt 2008 - 10:01

In 34-jierrige man út Ljouwert is snein yn eigen stêd oanhâlden troch de plysje om´t er ûnder ynfloed fan drugs autoried. Boppedat ried er sûnder rydbewiis. Hy waard oanhâlden doe´t er in strjitte ynried dêr´t dat net mocht.

Der hong in sterke marihuanalucht om de automobilist hinne. Op it plysjeburo die bliken dat de man al faker bekeurd is foar autoriden sûnder rydbewiis. Syn auto is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)