Woudagemaal draait

05 okt 2008 - 20:05
  • It stoomgemaal moat Fryslân droech hâlde

It histoaryske Woudagemaal by De Lemmer is sneintenacht oanset om al it oerstallige wetter út de boezem fuort te pompen. Snein kaam it wetter mei bakken út 'e loft. Yn twa oeren tiid stie it wetter goed 17 sentimeter heger.

Benammen yn Noardwest-Fryslân is in soad reinwetter fallen. Troch saneamde klusterbuien stie it wetter dêr op guon plakken 90 sentimeter heger as normaal. It wetterskip hat yn dat gebiet acht ekstra pompen ynset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)