Problemen troch reinwetter

It reinwetter dat yn de nacht nei snein en sneintemoarn fallen is, soarget foar problemen yn Noardwest-Fryslân. It wetterskip hat it dreech om it wetter dêr wei te pompen. Der binne wol acht ekstra pompen ynset om it wetterpeil omleech te krijen.
Yn Harns, Sint Anne en Stiens binne strjitten ûnderstrûpt. Yn Harns stiet ek de feardaam foar in part ûnder wetter. De polder op Skylge is ek ûnderrûn en by Roptasyl stiet 90 sintimeter ekstra wetter.