Fjochterij yn Snits

05 okt 2008 - 14:25

De plysje hat sneintemoarn betiid yn de Heechhústersteech yn Snits trije manlju oanholden foar it net opfolgjen fan foarderingen. Nei't in tal persoanen fanwege in rúzje út in hoarekagelegenheid set wiene, gong de rúzje op strjitte fierder.

Oer en wer waard skolden, slein en mei guod smiten. De plysje besocht de groep del te bêdzjen, mar twa Snitsers (22 en 25), in Boalserter (22) en in Dryltser (18) joegen dêr gjin gehoar oan. De manlju moasten mei nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)