Undersyk nije lokaasje iishal

05 okt 2008 - 13:10

De iishal fan Ljouwert past goed op it nij oan te lizzen sportkompleks by de nije wenwyk De Súdlannen by de stêd. De gemeente sil ûndersykje oft in ferhuzing helber is. By De Súdlannen wol Ljouwert in topsportkompleks bouwe.

Njonken de iishal soe der rûmte komme foar it basketbal, hânbal en sealfuotbal. Bedriuwslieder Gerrit Miedema fan de iishal is bliid dat it helberheidsûndersyk der no einliks komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)