Ynbraak en stellerij

05 okt 2008 - 12:45

By in ynbraak yn in wente oan de Luitzen Wagenaarstrjitte op It Hearrenfean is sneon in laptop stellen. De dief kaam binnen troch in rút iepen te brekken. De 26-jierrige bewenster hat oanjefte dien.

Fan fjouwer boaten oan de Wijting yn Makkum binne de bûtenboardmotoren stellen. De stellerijen barden de ôfrûne wike. Trije Makkumers fan 35, 36 en 39 jier ha oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)