Tipjild saak Vaatstra omheech

It tipjild wurdt tydlik ferhege
It jild foar de gouden tip oer de moard op Marianne Vaatstra wurdt ferhege fan 23.000 nei 50.000 euro. It bestjoer fan de stifting Marianne Vaatstra stelt ekstra jild beskikber.
De stifting is der fan oertsjûge dat der noch hieltyd minsken binne dy't mear witte oer de moard yn 1999. It giet om in tydlike ferheging. Oant 1 jannewaris krijt dyjinge mei de tip dy't liedt ta de oanhâlding fan de dieder, 50.000 euro. Dêrnei giet it tipjild wer omleech.