Tsjerke Drachten wer iepen

© Omrop Fryslân
Nei in renovaasje fan in healjier wurdt sneintemiddei de Mennistetsjerke yn Drachten wer yn gebrûk naam. Yn de ôfrûne moannen is de âlde fundearring fan de mear as 200 jier âlde tsjerke ferfongen en is der in nije flier ynlein.
Dêrneist binne de âlde banken loshelle, dy kinne no oerol yn de tsjerke delset wurde. It Mennohûs neist de tsjerke sit no oan it gebou fêst. De renovaasje koste meiïnoar 700.000 euro.