Atletykbaan earder opknapt

05 okt 2008 - 09:35

De atletykbaan fan Lionitas yn Ljouwert wurdt earder opknapt. De baan is der sa min oan ta dat dy ôfkard is foar offisjele wedstriden. De renovaasje fan de baan stie pland foar 2011 en kostet sa'n 450.000 euro. De gemeente besjocht no oft dat takom jier al útfierd wurde kin.

Ljouwert ûndersiket dêrneist oft Lionitas ferhúzje kin nei it nije sportkompleks dat oanlein wurde moat by de Súdlannen. Dêr soe dan in nije 400 meter baan komme kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)