Gjin treinen Ljouwert-Harns

05 okt 2008 - 09:31

Yn ferbân mei wurksumheden oan it spoar op it trajekt Ljouwert en de haven fan Harns ride der snein gjin treinen. Der wurde bussen ynsetten. Foar it ferfier mei de bus ha reizgers in jildich treinkaartsje nedich.

De busreis fan Ljouwert nei Harns en werom duorret in kertier langer as de reguliere treinreis. Der is troch it ferfier mei de bus gjin oansluting mei treinen yn Ljouwert en mei de boat yn Harns. Sneon rieden der ek al gjin treinen yn ferbân mei de wurksumheden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)