Winst Stroetinga en Sterk

04 okt 2008 - 21:06

Arjan Stroetinga fan Waskemar en Maria Sterk fan Hallum binne de earste winners yn it nije maratonseizoen. Op de Jaap Edenbaan yn Amsterdam wie Stroetinga de rapste yn de massasprint. Ingmar Berga waard twadde.

Maria Sterk kaam allinnich oer de einstreek. Yn de finale wie se út in kopgroep fan alve froulju fuortriden. Elma de Vries fan Meppel en ploechgenoate fan de winneres waard twadde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)