De Haan en Beima twadde

Sierk-Jan de Haan
De Fryske hurdfytsers Sierk-Jan de Haan en Marcel Beima binne mei harren klub De Jonge Renner twadde wurden op it NCK (Nederlands Clubkampioenschap). Yn Hoogezand-Sappemeer wiene se nei 48,7 km yn de ploegetiidrit mar twa sekonden stadiger as de feriening Westland Wil Vooruit.
Germ van der Burg waard mei syn feriening Noard-Hollân kreas tredde. De Friesche Leeuw fan Ljouwert mei prof Maarten Tjallingii, dy't yn Ljouwert berne is, waard achtste.